Home Tekst-naar-spraak voor het Fries

Tekst-naar-spraak voor het Fries

Op deze pagina presenteren we de resultaten van de ontwikkeling van spraaksynthese voor het Fries (februari-december 2011).

Je kunt je eigen tekst laten uitspreken via het demo-venster hieronder. Of je laat een van de teksten voorlezen die we hebben klaargezet. Je kunt kiezen uit twee Friese stemmen: Sjoukje en Siebren.

Demo

Vul hier je eigen tekst in:

Sjoukje Siebren



Teksten

Frysk leare?

De Afûk jout al mear as 80 jier kursussen Frysk.

Jo binne wend om Frysk te praten. Dat hawwe jo fan hûs út meikrigen, of jo hawwe jo de taal miskien letter eigen makke. Miskien lêze jo ek graach Fryske boeken, en wolle jo ek wolris wat yn it Frysk skriuwe. Mar, dat falt net altyd ta. Hoe wie it ek al wer? Hoe skriuwe jo dat wurd? In soad minsken kinne it Frysk net skriuwe, en dat wurdt geregeld as in gemis field. Krekt dat skriuwen hawwe moderne minsken hieltyd mear ferlet fan. Maile, sms'e, ferslaggen, stikjes foar de doarpskrante. Hast eltsenien hat der wol mei te krijen.

By de Afûk kinne jo kursussen folgje om it skriuwen te learen, en de algemiene kennis fan de taal grutter te meitsjen. Jo kinne in mûnlinge of skriftlike kursus folgje, leare fia ynternet, of in kombinaasjekursus folgje dêr't learen fia ynternet kombinearre wurdt mei in mûnlinge gearkomste ien kear yn 'e moanne.

Sjoukje Siebren
Bron: www.afuk.nl

De Fryske Akademy is in ûndernimmend ynstitút, dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij.

Kennis útwikselje

Wy wurkje gear mei ûnderskate (wittenskiplike) ynstellings yn binnen- en bûtenlân. Elkenien is by ús fan herte wolkom, bygelyks foar advys oer de Fryske taal. De Fryske Akademy wikselet kennis en ynformaasje út mei ûnder oaren:

  • wittenskiplike ynstituten
  • profesjonele en amateurûndersikers
  • ûnderwiis en oerheid
  • har leden en donateurs
  • learlingen en studinten

Sjoukje Siebren
Bron: www.fryske-akademy.nl

Hoe kinne jo jo leardoel berikke?

As jo jo leardoel en jo begjinnivo oanjouwe, dan wurde foar jo in stikmannich lesplannen útsocht. Klik op in lesplan om it aktyf te meitsjen. Wolle jo leaver sels losse lessen útsykje? Gean dan nei it kursussintrum.

  • Ferstean
  • Leare troch muzyk
  • Kursus abbekaten
  • Utspraak en basiswurdskat

Dit kinne jo fierder op eduFrysk

Spultsjes
Jo kinne jo wurdskat fergrutsje troch de spultsjes te dwaan. Sûnder dat jo it fernimme leare jo sa in basiswurdskat fan goed 1000 wurden.

Community
Jo kinne op eduFrysk mei oare eduFryskers yn kontakt komme troch it útwikseljen fan berjochten. Jo kinne sa bygelyks jo stúdzjefuortgong mei oaren beprate. Mei in bloch kinne jo de hiele eduFrysk-community berikke.

Kursussintrum
Yn it kursussintrum fine jo alle lesmateriaal. Dêr falle net allinne alle lesplannen ûnder, mar jo kinne dêr ek losse lessen útsykje, as jo sels in learrûte útstippelje wolle.

Sjoukje Siebren
Bron: www.edufrysk.nl

De fûgel

Troch Trinus Riemersma

Yn in Italiaansk doarp komt de fûgel werom...

It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen, en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite.

Dit is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr't nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy't as in duvel út 'e hel boppe it doarp hong, en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel is sûnt in heale ieu neat mear fan fernommen.

Sjoukje Siebren
Bron: www.luisterrijk.nl

Ien foar de wraak

Troch Joop Boomsma

De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt, yn in Ljouwerter MAVO, it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin? De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe.

Jaap Dykstra, kollega, mar benammen freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûndertusken sa syn fermoedens, en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast. Hy docht syn eigen ûndersyk. En wat tichter as er by de wierheid oer de grouwélige dea fan syn freon komt, wat mear gefoelens fan wraak er kriget. Gefoelens dy't er úteinlik omset yn dieden. En sadwaande komt der mear boppe wetter: it is gjin spannend spultsje dêr't er yn fersile rekke is, mar de spikerhurde wurklikheid fan de hjoeddeiske misdied.

Ien foar de wraak - de earste misdiedroman fan Joop Boomsma - is in like minsklik as spannend ferhaal. Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal, en wurdt beskreaun mei in skerp each foar de psychologyske aspekten.

Sjoukje Siebren
Bron: www.luisterrijk.nl

De Presidintes

In keukentafelkomeedzje mei in grimmitich rantsje

Yn de wenkeuken fan in trochsnee hûs, yn in trochsnee doarp, sitte trije trochsnee froulju by mekoar. Se prate oer it libben, oer harren noeden en soargen, en oer eangst en lilkens. It gelok wurdt harren net sa mar gund. Erna libbet fan de AOW, en hat soargen oer har soan, en it neiteam dat mar net komme wol. Greta hat lykwols in pensjoentsje, mar kin it net goed fine sûnt har dochter út har libben fuortrûn is. En Marytsje... ach, sy is tefreden mei har wurk as toiletjuffer. As it húske ferstoppe is, dan libbet se op, en pakt se de boel mei beide hannen oan.

Erna en Greta dreame lûdop. Yn harren fantasy meitsje se it libben nijsgjirriger en moaier. Se dreame fan in wrâld dêr't sy as presidintes fan in sprankeljend libben, mei genôch bier en woarst, elkenien oan harren fuotten lizzen ha.

De trije froulju rattelje en rabje, en hawwe spul oer hoe't it libben wêze kin. Se laitsje en fantasearje frijút: brutaal, wreed, hilarysk en grinsleas. Want harren langstme nei werkenning en weardichheid is grut. Oant Marytsje te fier giet...

De Presidintes is in keukentafelkomeedzje oer it libben sels. It is in ferhaal oer teloarstelling, ûnmacht en lilkens. Mar ek oer langstme en freonskip. En benammen oer de enoarme krêft fan de fantasy. In moderne klassiker, dy't al 20 jier yn hiel Europa spile wurdt.

De Eastenrykse skriuwer Werner Schwab skreau De Presidintes yn 1990, doe't er 32 jier âld wie. Hy libbe op himsels op in pleats. Al yn 1994 stoar hy. De omstannichheden fan syn dea binne noait oan it ljocht kommen.

Sjoukje Siebren
Bron: www.tryater.nl

Verantwoording

Het project Tekst-naar-spraak voor het Fries is door Fluency uitgevoerd i.s.m. Readspeaker, Afûk en de Fryske Akademy, met subsidie van de Provincie Friesland.

Readspeaker

De Friese spraaksynthese is reeds beschikbaar via Readspeaker. Klik hier voor een demo.

Fluency TTS en Spika

Binnenkort verschijnen nieuwe versies van onze producten Fluency TTS en Spika.

De Friese stemmen zullen ook in deze nieuwe versies te beluisteren zijn.